Skermtiid, wat in rot wurd.
Wa hat dat betocht?
‘Lis dat ding no ris fuort!
Dêr hawwe wy him net foar kocht.’
‘Gean mar ris gau nei bûten ta.
Frisse lucht is goed foar dy.’
Lekker belangryk dy frisse lucht,
Whatsapp, Tiktok, is folle better foar my.
Ik mei deis mar in oere op myn iPhone.
Dat is fierstente min!
Ik krij heit en mem net oan ’t ferstân,
dat ik dan mei alles achter bin.
Wa tsjekt de mail ûnder it iten?
‘Leave, moast dit filmke no ris sjen.’
Wa sit der de hiele dei te appen?
Krekt, dat binne heit en mem!
‘Heit, mem mei ik jimme iPhone efkes?
Sjoch hjir kinst jim skermtiid sjen.
Wow, ja dat is in soad hin.
Wêrom sizze jimme no neat, heit en mem?’
Skermtiid, prima wurd.
Wy binne op skermdieet mei ’t hiele gesin.
Ik wat mear en de rest wat minder.
Dat is my hielendal nei ’t sin!