TikTok en Fortnite binne ferbean
SnapChat kin mem hielendal net útstean
YouTube somtiden, mar ûnder beswier
Dat Nintendo is ús iennichst fertier
Sy is fan stoffen bûsdoek, reiden koer
Gamegeblyp makket har tige oerstjoer
Kola is gif, ynternet kleare ferlieding
Ja, spitigernôch, dit is ús opfieding
In healoere skermtiid deis is de max
En dêryn is mem seker net laks
Yn skermkes sjocht se allinne gefaar
’Nei bûten ta no, ’t is prachtich moai waar!’
We skoppe wat oer, hingje wat om
Mar it leafste geane we hiel gau werom
Ynienen ha ik in geweldich idee
Ik moat tink ik even nei de wc
Slûpend as in ynbrekker by nacht
Gean ik it hûs yn, op skermkesjacht
As ik stadich de keamerdoar iependoch
Wit ik wier net wat ik dêr sjoch
Op de bank sit mem mei in headset
Neist har kola, zapstok en tablet
Mei controller te stjoeren, te dwaan
Skeurend mei Mario wyld oer de baan