A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Skake

troch: Jurjen van der Meer

Ale-Jan is net sa’n sporter.
Hy sit leaver op ’e stoel.
Hat in hekel oan bewegen.
Inkeld skaken fynt er cool.


Wurch dat wol er eins net wurde.
“Sporte, dat is neat foar my.
Ik bin leaver in pear oerkes
dwaande mei in skaakpartij.”


Middeis draaft er fluch út skoalle.
As in spear nei pake Sjoerd.
Beppe dy hat tee en koekjes,
pake sit al by it boerd.


En op woansdei fytst ús Ale
nei syn klup yn Ljouwert ta.
It is 15 kilometer,
mar dat is no ien kear sa.


Sneons sit Ale oan de riemen,
roeit nei buorman oer de feart.
Dy kin ek geweldich skake,
der wurdt sa in protte leard.


Drave, fleane, fytse, roeie,
elke dei dan is it raak.
Om mar op ’e tiid te kommen,
foar in rêstich potsje skaak.