troch: Atze Bosch
De wintersinne sakket It lege ljocht No wurdt de rider kjel Dy sil hy riden leare (Ut: Alles op syn tiid)
al geandewei
en set de westerkym
yn reade gloede.
In rider sjit oer ‘t iis
mei lange, wisse streken,
de jûnloft yn ‘e mjitte.
skept him in skekkend skaad
dat him ûnskiedber folget,
mar sûnder dat er ‘t sjocht.
Dan bûcht de feart en nimt
in skerpe bocht.
fan ‘t skaad skean foar him út,
in skym, in stiif partoer
yn rin en ritme.
Hy wynt him op:
wat wol dy fint?
En noch foar ‘t jûnsmiel rydt er fûl
mei feart en faasje
syn eigen skaad derôf.