A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sinne skûl

troch: Tryntsje van der Veer

wy wenje op in knikker
in knikker yn de loft
in tsjoenbal sûnder prikker
en dat al in hiel skoft


de ierde draait yn rûnten
en stiet in bytsje skean
heech moanne en planeten
dochs ik kin rjochtop stean


dan is it ljocht dan tsjuster
fan ier wurdt it wer let
hjoed is de dei nei juster
fan moarn ha wy ferlet


sa no en dan is ‘t nuver
dan wurdt de sinne wei
troch alles rint in huver
is ’t efkes nacht oerdei


as dêrnei dan de moanne
wykt foar ’t sinneljocht
dan koekeloert de hoanne
is ’t wûnder wer folbrocht