A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sin oan

troch: Jurjen van der Meer

Sin oan lekker op fakânsje,
reizgje yn it bûtenlân.
Sin oan oare minsken moetsje,
sin oan sinne, bergen, strân.

Sin oan nije aventoeren,
sin oan wille en fertier.
Sin oan hearlik lekker neat dwaan,
witst noch wol fan ferline jier…?

Mar nei trije wike frjemdte,
fyn ‘k it bûtenlân wol bêst.
Krij ik sin om wer nei hûs ta,
sliepe yn myn eigen nêst.

Ik krij sin oan mem har iten,
jirpels, griente, boardsje brij.
Ik krij sels wer sin oan skoalle,
sin oan jimme, sin oan dy.

út: LinKk, 2015