A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Simmermiddei

troch: Jurjen van der Meer

Tink dy ris yn
op in dei yn ‘e simmer
sitsto yn in boatsje
dat driuwt op ‘e poel.
Merkels en eintsjes
dy boartsje om dy hinne,
de sinne is waarm
en it wetter is koel.

 

Dan troch in twirre
bewege de reiden
en hiel even waaie
de blĂȘden fan ’t plak.
In sulveren ronfeling
glydt oer it wetter
mar dan is ’t wer stil
en de mar is wer blak.

 

Jufferkes dûnsje
mei graasje balletten,
twa reidmoskjes jouwe
inoarren in tĂșt.
Dan hearst yn ‘e fierte
ynienen dyn namme
en roeist ûnderstboppe
dyn mearkewrĂąld Ășt.

 

(Út: Freedtemiddei frij, 1996)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan FryslĂąn? Komsto te sjen? WĂȘs wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nĂ»mers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil Ășs yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.