A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Simmerjûn oan ‘e Far

troch: ytsje hettinga

de dize dûnset
oer de greiden
leit in ljochte tekken
oer it gea

 

in reager dikert
tusken reiden
muskusrotten hoffenje
har de lea

 

reidhintsjes hoedzje
harren jongen
in snoek leit
ûnferweechlik
hast foar dea

 

karrekiten hâlde
in wedstriid
priissjongen
jûnssinne kleuret
himelbôgen rea

 

de lêste strielen
hawwe it bejûn
gleone gloede
bôget nei de grûn

 

rêst sêdet dizze
stille simmerjûn

 

yn ‘e fierte
blaft in hûn.