troch: Henk Nijp
snoei de tûken by it tredde each ast langút lizzen giest hellest wier it foarjier net werom
blaas de bûnte blêden op in bult
lit it ljocht wer streame oant
it oan ‘e woartels rikt
en bou de klyster in gloednij kleaster
sadat er sjongt oant yn de lette jûn
kinst wer de wolken skowen sjen
en it flinterknipperjende foske
dûnsjend mids de miggen
faaks hearst ek it brimstich
brommen fan ‘e brims
mei keale knoarren en knipte twigen
of in fûgelfluitsje hjir en dêr
dy iene swel komt sels wol as it him sinniget
en ast it dy dan oan tiid dochst
wurdt it fansels wer simmer!