troch: Elske Kampen
Ik kin werklik hast net prate, Mem bellet ûnder mei freondinnen, In bern sa sneu en siik op bêd, Moarn moat ús mem wer oan it wurk, Se komt mei snert fol fize griente, Myn freon dêr krige ik app-kes fan, As heit jûns út syn wurk wei komt, Allinnich ús âld grize kat, Ik bin ûnwennich, sa ûnwennich, út: argyf FeRstival
ik haw sa’n seare kiel.
Al dagen lis ik hjir op bêd,
net ien snapt wat ik fiel.
dat duorret al in heale dei.
Se laket lûd en hat sa’n wille,
ik fyn dat soks net mei.
dan mei in mem net laitsje.
De wrâld moat stil stean, krekt as ik,
net ien mei wille meitsje.
dan komt ús beppe hjir in dei.
Mar dy snapt echt net wat ik wol,
of wat it bêste is foar my.
en fan dy fage stikjes fet.
As ‘k dêr oan tink bin ‘k al beroerd,
dat yt ik werklik net.
mar hjoed hie ‘k noch mar ien.
As er mar net mei Sigrid giet,
dat fanke is echt gemien.
dan wol ik oandacht fan him ha.
Mar fiif minuten, langer net,
dan moat er nei syn krantsje ta.
dy bliuwt de hiele dei.
Mar dy komt foar myn waarme bêd
en werklik net foar my.
ik fyn hjir neat mear oan.
Moarn wol ‘k nei skoalle en nei myn freon,
moarn wol ik wer gewoan!