A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Siik

troch: Berber Spliethoff

Ik bin noait siik.
En dat fyn ik mar neat.
Nea in lyts grypke of snipferkâlden.
Nea yt ik ris wat ferkeards.

 

Myn suske is sa faak net lekker.
Dan mei sy mei in krûk op bêd.
Dagenlang leit se dan foar de telefyzje
en elkenien dy’t har dan bedjert.

 

Ik brêk nea in bonke.
Al sky ik by de swartste piste del.
Ja, wat blauwe plakken en in bult,
moatst net leauwe dat ik dan mei tel.

 

Net sa as Wytse ôfrûne winter,
doe’t er de earm yn it gips hie.
Elk op syn gips omkalkje,
Om’t er sa begrutlik wie.

 

Ik ha skjin myn nocht.
Moarn bin ik sa siik as it mar kin.
Ik moat dan beslist de hiele dei telefyzje sjen.

Mem! Hat mem in aspiryntsje, ik fiel my freeslik min.