A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sifers

troch: Janneke Heslinga

Ik wit net wa’t begûn
we laken mar wat
oant har wurden feroaren
se dreaune fol spot



‘In 2, maksimaal
ik kin net heger gean
sjoch hoe as er rint
sjoch ris nei syn klean



Sa’n ôfdroegen shirt
fan ien of oare band
dat wie 100 jier lyn
hiel miskien in trend



En dat op syn holle
gjin kapper bin ’k bang
miskien wol fallyt
en dat al hoelang?’



Ik tink oan har wurden
in oardiel keihurd
ik fyn him just moai
sa oars en sa grut



Syn eagen sa magysk
net brún en net grien
ik hâld my mar stil
en jou him in 10