Fertrou op my
It komt wol goed
Ek al hie ik wer in ûnfoldwaande hjoed
En liket it wolris
As doch ik net myn bêst
Dat ik altyd sit te dideljen of te kwebbeljen
En noait wat lês
Seker net de boeken op de boekelist
Dat ik sa’n learling bin
Dy’t sûnder briefkes lessen mist
Ien dy’t yn plak fan op skoalle
Leaver op de socials sit -
Ja, ik wit it, ik wit it
Jim bealgen jim froeger út de naad!
Heit en mem wiene al hiel jong
Altyd aktyf, altyd paraat.
Nee, lit my no ris gewurde
Ik kies myn eigen paad!
En dus, fertrou op my
It komt wol goed
Ek al hie ik in ûnfoldwaande hjoed
Mar ik stean noch hast in fiif, dus ….
Watfoar oare sifers as ik hie?
Oare sifers ha ik noch net.
Noch gjin-ien.
Se binne mei it neisjen let.
Fertrou my mar, it is ècht wier.
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023