it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen
net dy tsjerke fan de mummys
net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei
gewoan in tsjerke mei in steal beammen
der giet in paadsje hinne mar ik kin der net yn.
op ‘e kleasterdyk is it útsjoch oer it klaailân fier
soe Piter Wilkens hjir oer sjonge?
ik dûbelklik op de wei en spring foarút
werhelje dat springen oant ik in krusing tsjinkom
Wiuwert wurdt oanjûn mar ik wurd bedondere
read-wyt-blauflachjes brekke it lanlik oansjoch
Sinteklaas stiet te spytgnyskjen yn de sinne
hy keart my, ik mei de buorren net yn
in linige draai nei rjochts lit my boatsjes sjen
och, dêr is wetter, mar dat mei gjin namme ha
ik skrol in stikje, de hûzen wurde lytser
it gers wurdt griener
der komme lytse letters boppe de greide te stean
je sille der mar wenje
ik skrol oant ik Mantgum sjoch
52 minuten rinnen seit de sidebar
ik bin út de rie en slút it finster
de navigaasje moat mar mei
Ut: Ensafh. 2013