A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Shalom

troch: Ciska Noordmans

(Op it Joadske hôf)

 

As jonge beam seach ik se kommen
stille froulju yn ’t swart
strak, mei sêft rûzende rokken
en houterich, mannen mei huodden
Ik wie jong en boarte mei har lokken
ferwaaide har hier
en aaide ûndogensk.

 

Ik woartele djipper en fierder
waard fan twiich ta’n mânske knaap
Seach har fertriet, slikke har triennen
As de swarte doazen
sakken yn it mulle sân
hearde ik har gûlen
drûge sâlte drippen yn ’e wyn.

 

No bin ik stamhâlder, myn sop streamt,
ik sjoch it neiteam rinnen
myn tûken flústerje, fiele har ferlies
En dochs, ik hear by harren
hein har fan freegjende eagen en rein
triuw har sêft wei fan ’t grêf,
wei fan de ein.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.