A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

seedyk

troch: Folkert Verbeek

mangele
tusken
elemintêre rivalen
heechskouderet de dyk,
yn duorjend omtinken
ferslingere
oan kearen en hâlden.
see driuwt sâlt
yn stiennen pûsten.
fan minsken opsmiten
basalten barriêre
hoedet droech
tsjin oanstoarmjend wiet.
syn skeppers
út ‘e hân rûn
bôget er op steande foet
yn stadige ritmes
de einder yn ‘e mjitte.
geandewei
bleker en smeller
strûpt er ûnder
yn in gearspannen
fan loft
wetter
lân.

(Út: Skriuwerskalinder 2006)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.