A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sechtsjin!

troch: Ruurdtsje de Haan

jeu, sjoch hjir myn nije blitse scooter,
yn ‘e moaiste kleuren: read en wyt
hy hat in hiel geve lûde toeter
gjin seefûgel dy’t it doart en skyt

 

op myn scooter jei ik troch de strjitte
buorfrou Sytske springt hurd oan ‘e kant
mar kom ik har dochs ris yn ‘e mjitte
dan wiuw ik efkes, dat stiet ynteressant


en lit ik de motor ekstra raze
want blinder, dit bistje kin wol hurd
wat opfierd, dat sil jim neat ferbaze
dêrom traapje ik him op ‘e sturt

 

mar oe wee as ik de plysje rûk
se jouwe samar in giele print
dy binne op misse mominten tûk
en leau mar net dat dizze jonge


néist syn geve, readwite scooter rint!

 

út: FeRsefariaasje, 2006