A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Se seinen

troch: Meindert Bylsma

Do rinst dysels nochris in kear foarby,
seinen se. Se ha gelyk krigen, dy se
elke kear as ik efterom sjoch, tink ik:
stom noch ta, dêr kom iksels oan!
Moat ik no bang wurde?

 

Do komst dysels noch wolris tsjin,
seinen se. Se ha gelyk krigen, dy se:
elke kear as ik foarút sjoch, tink ik:
wol stom, dêr koe iksels wol oan komme!
Moat ik no echt bang wurde?

 

Do komst nochris ferkeard telâne,
seinen se. Se ha gelyk krigen, dy se:
elke kear as ik om my hinne sjoch, tink ik:
it doocht hjir foar gjin grevel!
Moat ik no skitende bang wurde?

 

It sil noch wolris ferkeard mei my ôfrinne,
seinen se. Se sille wol gelyk krije, dy se:
ien dy’t himsels earst foarby rint,
dan himsels wer tsjinkomt
op in ferkeard plak,
dy soe stjerrende bang wêze moatte.

 

Mar ik bin it net!

 

(Ut: FeRsefariaasje 1993)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.