Jouke sei sakrekt tsjin my
dat Nynke tsjin him sei
dat Ytsje tsjin har sein hie
dágen wie se al op my.
Ik bin ek al hiel lang op har.
Dat haw ik doe tsjin Jouke sein,
dan seit dy dat wol tsjin Nynke
en Ytsje heart it wer fan har.
Dat no binn’ wy dan op elkoar.
Mar Jouke sei dat hy op Nynke
en dat ik dat tsjin Ytsje sizze moast
want dy seit it wer tjin har.
En Nynke is noch altyd frij,
dus as dy no op Jouke is
seit dy dat wer tsjin Ytsje
en dy seit it wer tsjin my.
Mar Sytse sei dat Hylkje sei
dat Sjoerdsje sei dat Wybren sei
dat Tseard no ek op Nynke.
Dat ja, dêr sitt’ wy no wat mei.
(Ut: Smoarge Smjirkerts)