A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

se ha my op ‘e skurte hân

troch: Janneke Spoelstra

ik haw in pake
dy’t net leaut
dat se op ‘e
moanne west ha

dy’t de televyzje
útset as der mannen
mei in wite kape
fan ‘e Ku Klux Klan
op binne, in pake dy’t
seit: ‘dêr sit in kopke op’

as ik him myn rapport
sjen lit, in beppe dy’t
my in ‘koppy melk’ ynjit,
nei Veronica lústeret yn
skimeroere

ik bin alve en yn it
buordoarp ken elk
dy oare pake dy’t fol
ferhaaltsjes siet,
de beppe dy’t
salang siik wie

se ha my op ‘e skurte
hân, mar ik kin my
harren net foarstelle

út: Ensafh, 2012