A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Samar

troch: Janneke Spoelstra

ik tearde de krante iepen

en dêr wie se

 

 

Samar – sa hiet se –

 

 

se waard 35

dagen âld

 

 

sil nea laitsje

net sitten gean

begjinne te krûpen

har oerein hise

oan ’e spilen

fan in rinstek

 

 

se wurdt net

immens grutte faam

immens boarter

klasgenoate

net

immens grutte leafde

immens mem

kollega, buorfrou

 

 

se kaam, Samar,

fan ’e honger om