Oerdei seach ik har rinnen, sitten, stean,
besocht ticht by har yn ’e buert te kommen.
Nachts seach ik har yn myn dreamen gean,
allinne, sy wist it net, ik hold my fan de domme.
Doe’t se by ús op skoalle kaam, in healjier lyn,
kaam se yn ’e rige njonken my te sitten.
Gjin letter lies ik mear, ’k wist har tichteby, sa tear en fyn,
ik moast wol nei har sjen, koe it net litte.
Ik skreau har mailtsjes, s-m-s-kes, ja sels in kear in echt gedicht,
mar ferstjoere, ho mar, nea hat sy in letter fan my lêzen.
Lykas d’oaren die ik ûnferskillich, neat te sjen oan myn gesicht,
al gie myn hert noch sa te kear, ik woe it foar de groep net wêze.
No is’t te let, se is mei har famylje weromstjoerd nei Irak.
’t Is dêr wer feilich, ik hear it de minister noch bewearen.
Mar wêr sit se no, wêr is se, ’k ha gjin adres, net iens in plak
en hoe feilich is dat feilich tusken al dy rotgewearen?
De s-m-s-kes en de mail ha’k wist, mar it gedicht bliuwt stean,
dat kin ik net samar yn ‘t neat ferdwine litte.
Ik wol it by my ha, skylk, as ik sels de reis oangean
op syk nei har, want ik sil har nea ferjitte.