A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Rûn

troch: Saakje Huisman

gûl no mar net
wês stil
stil
hearst de wyn
wêr komt er wei
wêr giet er hinne
ierde
de tiden fan it jier
fine har
yn fûgelnêsten
yn aaien
werom
waarm
fiel mar
moanne
wetter
it sâlte wetter
fan ‘e see
lûkt en triuwt
sân
fan en nei it eilân
ivich yn kadâns

gers
krekt meand gers
doch de noas iepen
helje it yn
lit it krûpe
yn dyn hûd
dea
stil
stil no
gûl no mar net
harkje, fiel, rûk
sjoch om dy hinne
sjoch omheech
blau
de loft is sa blau
der komt gjin ein oan

út: Leave deade, 2003