Ik bin sa wyt,
sa yn- en yn wyt.
Myn fel wurdt knalread
as ik mar fiif minuten
yn ‘e sinne bin.
Wat woe ik graach
dat moaie brune fel
fan Aisha hawwe.
En dat hier, dat swarte,
tsjokke hier.
En dy tosken,
dy moaie wite tosken.
As wy húswurk meitsje
docht Aisha altyd myn hier.
Dat slûge, bleke hier fan my.
Se wrimelet en frimelet
en makket der flechtsjes yn.
Dat fynt sy sa moai.
Se woe dat se myn hier hie
sei se juster.
En dat moaie ljochte fel
en dy blauwe eagen.
De beugel om myn tosken
fynt se ek sá stoer!
As wy ruilje koene
soene wy allebeide
folslein lokkich wêze.
Tink ik.
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023