A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Rotsjoernaal

troch: Meintsje Brouwer

Myn broer is o sa sterk
kin fjochtsje as in tiger
hy nimt it foar my op
as wie ’t in echte kriger

 

Myn broer hat in freondinne
mei kûltsjes yn ‘e wangen
dy binne, seit er sels
om tútsjes yn te fangen

 

Ik bin grutsk op myn broer
hy is soldaat yn ’t leger
wurdt tink ik aanst sersjant
of miskien noch wol heger

 

No yn Afghanistan
sit hy fol idealen
skielk komt er by ús thús
mei sterke fjochtferhalen

 

Mar ‘k sit no foar de teevee
mei deade minsken, ja ek bern
de bylden dy’t ik sjoch
kin ik hast net mear sjen

 

want troch dat rotsjoernaal
krij ‘k triennen yn de eagen
en wriuw se stikem fuort
om’t de oaren se oars seagen

 

‘k Woe dat myn broer hjir wie
want dêr wurdt werklik sketten
echt fjochtsjen is net moai
dat hie ‘k alhiel fergetten

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.