A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Rotjonges

troch: Tjeerd Schuhmacher

rotjonges! raast de frou
oare kant dyk
boe! roppe wy


mei in bâlde fûst
krûpt se wer
efter har grize gerdinen,
en sit de hiele jûn
nei ús te loeren


der is neat te dwaan
yn ús nije wyk
mei de grutte huzen
de parkearplakken mei
de Tesla’s dêr’t wy net
fuotbalje meie


wy stekke fjoerwurk ôf
as it tsjuster wurdt
minsken mei har hûnen rinne
mei in bôge deromhinne


– strjitkat! – sei lêsten in âld keardel
tsjin ien fan de famkes
– mei dyn grutte bek,
wat moat’ jim hjir om te hingjen
hoegden wy net te flikken –


wy klimme op it dak
fan de skoalle
en hawwe it sicht oer
de frijsteande huzen
oant wy de plysjewein
wer ris stadich de strjitte
ynriden sjogge