troch: Jurjen van der Meer
Jippy, ‘t is hjoed rommelmerke, Yn in doaze op ‘e fliering Buorfrou hat in kream mei kofje. Moarns betiid earst wat fertsjinje, ‘t Jild dat raant my út ‘e bûse. Eins kin ik der neat fan brûke,
altyd wer in leuke dei.
Oan ‘e dyk âld guod ferkeapje,
en de hiele buert docht mei.
stiet it spul al moannen klear.
Boartersguod, in âlde printer,
boeken en noch folle mear.
‘Lekker stikje cake derby?’
Mar de measten ha de handel
op in kleedsje, krekt as my.
en dan sels de merke oer.
Tûzen dingen om te keapjen.
Kar genôch en net te djoer.
‘k Kies in walkman en in pet,
redens en in teeservyske.
Wat ‘k der mei moat, wit ik net.
finansjeel in lytse strop.
‘t Measte guod kin sa nei boppen…
Mar de pet, dy hâld ik op.