A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Roan

troch: Ytsje Hettinga

Tûzen minsken of
miskien wol mear
stean op it plein


lokkich nijjier
lústerje guon yn
oarmins-ear


stil wurdt it
gjin ferweech
gjin lûden mear


foet foar foet troch
strjitten syn foto
stop sinleas geweld


tsjustere finsters fan
syn heitehûs spegelje
de gloede fan fakkelfjoer


de siken krap
sjoch ik inkeld
skowende skuon


de holle omheech
fange myn lippen
syn namme.