A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Rein

troch: Berber Spliethoff

Waait it? Falt der in drip rein?
Dan moat ik myn reinpak oan.
Mem is seker fan har saak.
Sa’n pak is ommers hiel gewoan.

 

‘Nee mem, it is net nedich.
Om sa’n buike jou ik neat.
Ik bin dochs net fan sûker.
Dat hawwe jim my ommers leard.’

 

‘Bern, doch net sa nuver.
Kom, oars wurdsto dweiltrochwiet.
Aanst wurdst noch ferkâlden.
Hup, op ’e fyts, it is al tiid.’

 

Dan moat de kapusjon op.
Lûkt se de toutsjes goed fûl oan.
Sjaal der noch om hinne.
Hjir komt de ferskriklike snieman oan.

 

By ús om ’e hoeke
giet myn reinpak daliks út.
Sa gean ik de dyk net oer.
Se laitsje my allegearre út.

 

Dweiltrochwiet kom ik op skoalle.
Mei it hier op hurde wyn,
de maskara* drippend fan ’t kin,
stap ik stoer de klasse yn.

 

Och sa’n buike, wat boeit dat.
Reinpak? Hoe spel’ je dat?