A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

ree

troch: Anne Hellinga

winter op ‘e Sweach
it iis dat kreaket yn ‘e sleatten
makket dea en libben relatyf
op ‘e hoeke by it fytspaad
njonken it âld djip
sit yn ‘e rûchte sûnder snie
ik sike jerk
de kop mei snaffel yn ‘e flerken
foar wa’t foarby komt
docht er eefkes mar
de nekke rjocht
it einelûd komt sêft en nuodlik
út ‘e fearren
foar wa’t foarby komt
leit de hân al klear
mar as it each
yn alle rêst
opnij yn fear ferdwynt
komt bot en pynlik it begryp
dat hjir in libben is
dat ree is om te stjerren
út: FeRsefariaasje, 2000