Ready, steady, go!
Ik lykje wol in pro;
treppen del is level ien,
dat ’s yn twa sekonden
dien.
Merakels…
gjin obstakels!
Mar no wurdt it dreech…
Lokkich! Keuken leech,
kuolkast iepen: Yes!
Grutte kolafles!
Punten: tachtich.
Dit giet prachtich!
Nei wat kola,
level twa.
Lege flessen
(drank en wyn),
yn kastje achteryn.
It geheime plak;
foar drop en koekjespak.
Mar spitich
alles op
Hear ik dêr
lûd gerop?
Krekt te let,
dit nivo wurdt him net.
Wat in drama,
nochris level twa.
Kelderskast fan it slot,
suertsjes út de glêzen
pot.
Popkorn en in appelflap
gau in hap, ik moat rap.
Mem har tas:
wetterfles… bankpas…
Gouden greep:
pipermuntsjes en in reep!
Punten: hûnderttsien.
Goed dien!
No de finish noch,
dan bin ik troch.
Yn in sprint de treppen
op,
spiler ien fier oan kop.
Ik tink wier
dat ’k it rêd.
Goai de bút op myn bêd
Ssssst, hear ik dêr ien?
Dan is it mei my dien.
Ja hear, klop op ’e doar;
komt my bekend foar…
Mem is poer!
Game oer…
Wint alwer, wol alles
werom,
dat is stom.
Spiler ien jout it op.
Wat in strop…
Dan mar game op myn pc
Ready, steady,
play!