A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ramgebiet

troch: Paul van Dijk

Myn bêd is in tsunamy,

gjin plak mear om te lizzen.

Wat in binde is it hjir,

dát hoechst my net te sizzen.

Bôlekrommels, smoarge sokken,

trije laders, wat in lol.

Help, goai my in rêdingsboei!

Myn bêd dat leit grôtfol.

 

 

Myn kast is in fulkaanútbarsting.

As lava streame klean

nei in grutte bulte op ’e flier.

Gjin plak mear om te stean.

Myn keamer is in orkaan,

in dûzeldûns fan pún. ‘

Oprêde do,’ driget mem, ‘oars smyt ik it yn ‘e tún!’

Ik moat oan ’e slach mei dizze ramp fan ’e swierste kategory.

As in rêdingswurker stean ik hjir mei myn lêste enerzjy.