troch: Jantine Wiersma
Jantsje mei graach fjurkestoke As lyts famke lytse brantsjes, Nei it kearske kaam de fjoerkoer Nei in tsjerke en in wenwyk No is Jantsje in âld wyfke. Yn ‘t tehûs foar fjurkestokers
en sy docht dat dan ek faak!
Nimt wat tûkjes en wat houtsjes,
fjoer derby: it baarnt omraak!
oaljelampke, kearske, klear.
Mar dat wie fansels foar eefkes.
Se woe grutter, se woe mear!
en fansels de iepen hurd.
Doe it skuorke fan de buorman:
dizze fik wie aardich grut!
kaam de bosk by Bakkefean.
Dêr hat se in jier foar sitten:
dat wie har fertsjinne lean!
Giet noch wolris yn ‘e fout.
Begjint wer op ‘e nij te fikjen!
Is allinne net fertroud.
fielt se har no goed te plak.
Helpt de kok by it flambearen.
Sa komt sy oan har gerak.