troch: Tiny Mulder
Marijke hat in pûkel, ‘Toe ju. Wat soe sa’n pûkel. Marijke fytst nei skoalle. Marijke sakke ‘t leafste ‘Wat hasto dêr in pûkel!’ út: Bitterswiet, Samle fersen (2001)
in pûkel op it kin.
Se sjocht it yn ‘e spegel
en krijt in freeslik sin.
Se wol net iens nei skoalle.
Dêr laitsje se har út,
want wa hat no sa’n dinges,
sa’n pûkel op har snút?
Dat giet fansels wer oer!’
Ja, mem hat maklik praten.
‘t Ding is sa read as fjoer.
En wat sil Sytze sizze,
dy jonge út klas twa?
Dy fynt se krekt sa aardich.
Dy pûkel! Harreba!
Se móát – , mar hâldt de sjaal
stiif oer de pûkel hinne
en slûpt gau nei ‘t lokaal.
Mar yn de gong stiet Sytze.
hy sjocht har nuver oan
en seit: ‘Wat no, Marijke?
Bist gripich fan ‘e moarn?’
fuortdaliks troch de flier.
Dan laket se ynienen,
har eagen stean’ wer blier.
Want wat hat Sytze dêre
op it puntsje fan ‘e noas?
In pûkel as in euro,
read as in reade roas!
seit se. ‘Fynst dat net slim?
Ik ha ek ien. Sjoch hjirre.’
Se docht de sjaal fan ‘t kin.
Se fine ‘t beide freeslik,
mar ha je tagelyk
sa’n grouwe pûkel,
sa’n reade pûkel,
sa’n rare pûkel
sa’n ah-ba pûkel,
dat is komyk.