Us beppe makke in proefrit
op in fyts mei batterij.
Der wie in aksje en se tocht:
‘Dat is wol wat foar my.’
Se woe de alderdjoerste,
want ús beppe hat wol jild.
Doe hat de fytsespesjalist
har op ‘e e-bike tild.
De fuotten op ‘e trapers,
de fersnelling fuort op tsien.
Sa is ús beppe as in spear
dy deis de dyk út gien.
En mei in gong fan fjirtich
wie dy leave sa yn Leens.
Doe folgen Assen, Emmen
en dêrnei de Dútske grins.
De tocht werom út Osnabrück
fûn beppe wol wat dreech.
Se hie hast trije dagen wurk,
de batterij wie leech.
net earder publisearre