A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Priis

troch: Jurjen van der Meer

Us pake wûn de haadpriis
yn in grutte lotterij.
De man dy’t him it jild útrikte
seach der hoopfol by.


‘No komme al jo winsken út,
wat stiet der op jo list?’
Us pake tocht doe eefkes nei
en sei dat er wat wist.


‘Ik woe wol graach dat moarnsbetiid
myn rêch sa stiif net wie.
En dat ’k, yn plak fan nepperts,
wer myn eigen tosken hie.’


‘En dat ús hin wer aaien leit,
dat aanst de roas moai bloeit.
Dat it net kâld is yn april,
sadat it slaad goed groeit.’


‘Ik wol graach minder rommel
yn ’e berm en yn ’e see.
En dat der net mear oarloch is,
is ek in goed idee.’


Sa gie it praat noch eefkes troch,
by pake is ’t noait saai.
Doe rôp de man: ‘Wy hâlde op.
Jo rêd’ jo der mar mei.’