Nea wer seach ik hy dy’t my makke.
Hy sette stil en liet my los en sei net
hoe’t ik wie en neamde net myn namme.
Sei neat oer kleur, oer aard en foarm,
oer wa’t ik bin. Syn eigen wei gie hy.
No wachtsje ik yn dizze koele stilte en
gean de dagen as yn in dream foarby.
Soms bestean ik koart yn it ûnwittend each
fan frjemd dat flechtich oer my hinne giet.
In each dat spegelet mar my neat freget,
inkeld dat fynt wat it siket foar himsels.
Sa lang al wol ik op in stille winterdei
tsjinoer my stean en oeren sjen.
Werom sjen mei syn eagen nei dat leech
begjin fan my, myn hûd noch blank.
Myn hûd noch warleas ûnder syn hannen,
skraabjend, streakjend.
It mes, it houten ramt, de rook fan ferve
en syn waarme siken sa tichtby.
Syn finen laach foar laach fan my. Inkeld
doe wie ik werklik, by wa’t my makke.
(net earder publisearre)