A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Poes

troch: Baukje Wytsma

Hat jim kat in wyt puntsje
oan it eintsje fan syn sturt,
frege buorman.
Hy lake net.

 

It wie in gleone simmerdei,
ik fielde hoe’t it yn myn
boarst begûn te friezen,
hearde it bûnzjen
fan myn hert.

 

Hy leit by ús yn ‘e tún
ûnder de hortinsje,
sei bourman,
dy katten fleane ek
samar oer de dyk.

 

‘k Seach mei de eagen ticht,
nei ’t stive kattelyk
en skamme my:


De poes fan buorfrou!

 

Ut: Lokaal 13, 2000

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.