A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Pisang

troch: Berber Spliethoff

‘Loser!’
‘Hat dyn mem dyn bôle smard?’
‘Sukkel!’
‘Ik haw syn pet.’
‘Smyt nei my!
Hjir nei my!’
Op ’e lampe.


‘Krekt goed
Dêr komt er noait mear by!’


Dat rop ik.
Ik laitsje mar.
Jitze gûlt.
Ik sjoch gau nei bûten ta.
De oaren fuotbalje mei syn bôlebakje.


Sneu.
Dat wit ’k wol.
Mar as ik net meidoch,
bin ik de oare kear de pisang,
bin ’k bang…


Ik doar it thús net te sizzen.
Nachts lis ik wekker.
De búk docht my sear.
Ik bin der mislik fan.


Ik helje moarn de pet wol fan ’e lampe,
as nimmen it sjocht.