A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Pas op foar kastielen

troch: Jurjen van der Meer

Miskien wolsto my net leauwe,
fynst my eins mar wat in siel,
mar der is neat sa gefaarlik
as in grut en âld kastiel.

Alderearst de takelbrêge,
oer it wetter fan de feart.
Ast dy boppe-op dyn kop krijst,
komt it op ‘e kop ferkeard.

 

Dan de grêft, dêr swimme fisken,
dy ha tosken, skerp as stiel.
Komsto wat te ticht by ’t wetter,
fleane se dy nei de kiel.

Yn kastielen wurdsto samar
meinaam troch in grut skelet.
En dan kinsto gûle, raze,
mar se hearre dy dêr net.

 

Skilderijen dy bewege,
geasten roppe: ‘Goeiemoarn!’
En de ridder dy’tst der tsjinkomst,
is al jierren lyn ferstoarn.

Wier, kastielen binn’ net feilich,
nee, it is der lang net plús.
Dus hasto ris in ekskurzje,
wês ferstannich en bliuw thús.

 

Gean om my te bungy-jumpen,
klim ris op in tsjerketoer.
Spring om myn part parasjute,
swim de hiele Waadsee oer.

Mar kom net by âlde stinzen,
want do krijst dyn galgemiel.
Wolsto 120 wurde,
kom dan noait by in kastiel.

 

út: FeRsefariaasje 2004