troch: Jurjen van der Meer
Miskien wolsto my net leauwe, Hurde wyn, neat as ellende, Op it lân, net folle better, Molens waaie tsjin ‘e flakte, Bûtendoar is net te wêzen, Stoarmwyn, dat jout ûngelokken, En wat tinksto fan it famke Se hat fjouwer oeren trape, Doch dus leaver oare dingen, Piel mar om mei skorpioenen, Ut: Poezij op ‘e planken, 2007
fynsto my in bange knyn,
mar der is neat sa gefaarlik,
as in dei mei hurde wyn.
hege golven op ‘e see.
Fiskers yn te lytse boatsjes,
sitte sa yn ‘e puree.
beammen bûge omtrint plat.
Fûgels, flinters, stikelbarchjes,
falle samar, plat op ‘t gat.
pealtsjes skuorre út ‘e grûn.
Fan in plysje út Teroele,
ha se noch de bril net fûn.
alles giselt mar foarbij.
Alde kranten, plestik pûdsjes,
hûnen, katten, hynders, kij.
pannen fleane fan it dak.
Hinnen waaie fan ‘e aaien,
wask stout fan it linnerak.
dat in jier as wat ferlyn,
op ‘e fyts nei Eastermar soe,
op in dei mei hurde wyn.
mar it wie gjin goed idee.
Se hat nea yn Eastermar west,
se kaam út yn Eastersee.
ryd ris auto, drink ris bier.
Klim yn beammen, spring fan dakken,
boartsje mei de grutste klier.
hâld piranja’s yn in kom.
Mar mei hurde wyn nei bûten,
‘k soe ‘t net dwaan, want dat is dom…