A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Parys

troch: Neeltje Terpstra

Ik sil mei ús mem nei Frankryk

wy fleane nei prachtich Parys!

De stêd fan brie en camembert

dat is wat oars as griene tsiis.


As moarnsbrochje gjin brinta,

gjin bak mei nútsjesmoar.

Gjin yochert mei seane hjouwer,

sis no sels: dat is dochs goar?


Yn Parys dêr ha se smaak!

Dêr ite se echt gjin snert.

En beantsjes? Pas du tout;

se ha dêr haricots verts.


Parys rûkt nei croissantsjes,

hat de smaak fan Soupe à l’oignon.

Fryslân smakket nei sipelsop

mar dêr fyn ik neat oan.


Nei al dy saaie oranjekoek

wol ik op de Frânske tour:

Macarons en Charlotte russe,

kom mar op mei dy petit fours!


Yn Parys wol ik alles priuwe.

Sels grenouilles, mar wat dat is?

Ik ha noch gjin flau idee

mar ik tink fêst dat it lekker is!


Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.