A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Paradysfûgel

troch: Yttje Cnossen

ûnder de sinne flechtet in jonge
de holle fol gouden geheimen
it wapperjend kleed as wjukken
in teare toerswel yn ‘e waarme wyn

 

yn in frjemd lân hellet immen de trekker oer
sjit sulveren dreamen oan barrels
wjuklam lizze klean yn ‘e olivetún
de ripe fruchten kniesd yn it gers

 

in famke wachtet om ‘e nocht
de holle fol gouden ferwachtings
in paradysfûgel boppe de beammegrins

sy skrast syn namme yn it losse sân
wjuklam lizze klean yn ‘e olivetún

 

net earder publisearre