A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Panyk

troch: Tsjits Peanstra

As ik soms allinnich thús bin,
dan wurd ik ferskriklik bang
ik sjoch samar grutte swarte
spinnen krûpen op ‘t behang;
oeral hear ik frjemde lûden
– rint dêr immen yn it grint? –
en dan byt ik op ’e neilen
en ik raas, ik raas omtrint
ik hear:
rotten op ’e souder
mûzen yn ’e kast
roeken yn ’e skoarstien
ik bestjer it hast.


Aansen stiet der ien te loeren
dêr wurd ik hast mislik fan
it is grif in dief, in moardner
of in grizelige man;
heit en mem dy seinen nyskes
wier, it duorret net sa lang
mar ik trilje op ’e skonken
en ik bin ferskriklik bang
ik hear:
rotten op ’e souder
mûzen yn ’e kast
roeken yn ’e skoarstien
ik bestjer it hast.


Ik doar my net te bewegen
doch de hannen foar ‘t gesicht,
ik hear allegearre stimmen
slacht de efterdoar dêr ticht?
Sil ik aanst de plysje skilje
en ris hearre wat dy seit?
Hark! dêr giet de doar al iepen
en it binne mem en heit.