troch: Meindert Bylsma
Yn ‘e kûveuze fan ‘e tiid, Betondike, as by in fiadukt, rinne de paden Yn it beglêze lân fan fiven en seizen, (Út: www.ensfh / freed 20 juny, 2008)
as in gladiator yn ‘e aow,
fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ‘e eksoaten.
Mei broeikaskobben op ‘e siele
wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe:
‘Hjir wie de bulterige seize, dêr de skeane five.
Hjir siet pake efter in hikke
en dêr, dêr’t no dy reade paprika leit,
siet doe in ljip te striesmiten.’
fan no nei doe, fan doe nei no,
fan ûntheistering nei fernuvering,
oer elkoar hinne: ‘In ljip pake,
is dat itselde as in soarte fan batterijhin
en wêrom smyt sa’nien mei strie?’
sidekrûpboartsjend mei tiden dy’t tiden hawwe,
besiket pake te oerlibjen.
Mar yn syn no is syn skielk al útbeitele:
de ljip op syn grêf sil keakeljend oer de wjok gean.