A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oppasse

troch: Jurjen van der Meer

As myn neefke komt,

myn lytse nichtsje komt,

dan fleurje ik altyd op.

Se binne leaf en grappich.

Ik fyn se beide pop.


Ik moat dan op se passe,

mem freget as ‘k dat wol.

It is in fraach,

mar ik doch it graach.

Wy ha in protte lol.


Wy slepe boppe in bêd oan kant

en meitsje in winkel.

Ik bin klant.

Op lytse briefkes komt de priis,

fan sjips en fruit en stikjes tsiis.

En nei in oerke is it stop,

ha wy de hiele winkel op.

Wy dogge dokter en pasjint,

of oefenje ús sangtalint.

Wy tekenje of ik lês foar.

Sa boartsje wy dan mei elkoar.


As se wer fuortgean mei in tút,

dan bin ik wurch en rêst ik út

en tink ik oer de middei nei.

It wie bêst wol in drokke dei.


Mar tink ik eefkes langer troch,

ik de middei op ’e nij besjoch,

dan reitsje ik suver yn ’e war.

Hoe sit it eins?

Paste ik op har,

of pasten sy,

nei alle sin,

omdat ik sels net lyts mear bin,

eins mear

op my…


Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.