Ik sit hjir yn myn hok allinne
alle minsken komme lâns
nea ris op besite
of komsto no wol hjirhinne?
Se tikje op myn ruten
om te sjen oft ik wol sjoch
goaie stientjes oer de râne
om te sjen wat ik dan doch
Se tikje op myn ruten
Raze, skelle, folle mear
Se tikje op myn ruten
sjogge net myn hertesear
Ik wol net mear…
Ik wol net mear?!
It moat net raarder
“Ik wol net mear”?!
just wol!
Folle mear
mear, Mear, MEAR
Ik wol se tikje mei myn poat
om te sjen oft se wol sjogge
Brulle, Raze; idioat
Ik wol se bite mei myn bek
om te sjen wat se dan dogge
Ik wurd hjir gek fan, gek, Gek, GEK
Ik wol wat oars
net mear allinne
…
Oars komsto nochris hjirhinne?
Noch in býtsje tichteby…
En sjoch ik dêr no wier in skuor
yn ’t rút tusken dy en my?
Myn kâns
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023