A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Op reis

troch: Tsjits Peanstra

Wy geane, sei ús heit, nei Frankryk mei fakânsje
dêr is it altyd sinnich en moai waar,
ús mem lei dêr tsjin yn: dêrfoar hast’ gjin garânsje
mar heit stie mei de wein al by ’t trotwaar:
de stuollen en de tinte yn de kofferbak
en Syts en ik wy moasten mei mar hienen hast gjin plak,
sa koe ús reis sa njonkenlytsen dochs begjinne
en alle buorlju rôpen noch: wêr geane jim no hinne?
Wy wolle, sei ús heit, nei Frankryk, de Rivièra
dêr skynt de sinne en dêr reint it net,
ús buorman sei noch: man, dat is allegear misère
heit hie de wein yn de fersnelling set.
Wy sjogge, sei ús heit, hoefier as wy hjoed komme
moarn baaie we yn de Middellânske see,
ús mem dy waard sa stil, dy siet al yn de slomme
wa lêst de kaart, do Syts? mar Syts sei nee.
We ride op ‘e sinne ta, dan komt it altyd klear
mar Syts dy gûlde hast en sei: wy sitte ús sa sear.
Doe waard ús heit sa lilk, hy ried de auto oan de kant
ús mem dy skrille wekker en se fûn it wat sjenant
se frege: binne wy miskien al by de grins?
Us heit waard poer-poerrazend, prottele: och mins
we binne, sei ús heit, noch mar by Aldehaske
‘k set jimme der hjir út by ’t Nannewiid,
mem tipele wat mei de bûsdoek yn it taske
en Syts en ik wienen hartstikke bliid.
Wy hellen alle dingen út de kofferbak
de primus en de stuollen en in blik gehak
it drinken en it iten en it sinneskerm
en Syts en ik wy setten alles yn de berm
en by in boer dêr mocht de tinte op it lân
wat hawwe wy in prachtige fakânsje hân.


(út: FeRsefariaasje, 1992)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.