A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Op kop (mei sin)

troch: Marije de Lange

Dêr wêr’t it fytspaad begjint
dêr’t de groep sammelet
dêr einiget myn moed


dêr’t it fytspaad begjint
probearje ik alle kearen wer
dertusken te passen
fyts mei yn de groep
al fiel ik my ûnnoazel en lyts
dan ris op kop, dan wer efteroan
wat kin ik oars?


mei eltse wiksel rûgelet der in stientsje
nei ûnderen
lang om let op skoalle
myn búk as
fjirtich folle boeketassen


oant op in waarme dei
oan ‘e ein fan it fytspaad
do neist my kaamst
fregest my fan alles, sa as wat ik nei skoalle
it leafste doch


dêr wêr’t it fytspaad begjint
komme der noch altyd eltse dei
fjirtich stientsjes by
mar it jout neat mear
want fjouwertûzen flinters
meitsje sa licht


fan dy dei ôf
flean ik fluitsjend
mei sin


OP KOP.