A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Op fersyk fan mannichien

troch: Freek de Jonge

Wês net bang, do meist opnij begjinne,
mei wisberette faasje of yn ’t blinelân.
Wolst de regels folgje, alles sels wol kinne,
litst de stipe los of grypst krekt nei in hân.
Wês net bang foar al te grutte dreamen,
ast wifkest, wachtsje; gean as ’t dy net mist.
Watsto fan doel bist kinst wol wichtich neame,
it moaiste falt dy ta; wurdtst wekker en dêr is ’t.
Wês net bang foar wat se fan dy fine.
Wat witsto fan in oar asto dysels net kenst?
Ferlies dyn oarsprong net troch dy te gau te binen,
hoe rynsk it libben liket, sels leafde wurdt wenst.
Wês net bang, do bist ien fan safolle
en tagelyk is der mar ien as dy.
Faak silsto ien mei oaren wêze wolle
en út en troch moatst sizze: lit my frij.
út: FeRsefariaasje, 2002, Oersetting: Harmen Wind